Floed - De magy fan wetter en teäter

  • geplaatst op 10 oktober 2023 om 11:12

It doek is fallen! Ofrûne sneon wie de lêste betoverjende foarstelling fan FLOED, dêr't teäter, wetter, muzyk en dûns harmonieus yn gearkamen. Mei as geweldich dekôrstik it Ir. D.F Woudagemaal, dat dit jier 25 jier UNESCO Wrâlderfgoed fiert en yn 2020 har 100ste jierdei fierde. Dûbeld feest, net?

It wie in trije wike duorjend feestje dat ús hert fluch die klopjen! Fantastyske wiken wêryn't goed 4.500 besikers har meifiere lieten troch it unike skouspul, sawol binnen as bûten it gemaal. Wy hawwe mei grutskens ús wetterwrâld ferbûn mei de wrâld fan keunst en kultuer, wat resultearre yn in unike Frysktalige teätershow. It ferhaal fan Mare en Gula, wetter en gemaal, learde ús dat de striid tsjin en it libben mei wetter noch hieltyd tige relevant binne yn ús tiid.

No is it tiid om nei te genietsjen fan de prachtige bylden dy 't fêstlein binne.

Tanke wol oan elkenien dy't diel útmakke fan dizze ûnferjitlike reis!

Floed 16-9-2023 pdf-grafie-00417.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-00433.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-00459.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04494.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04504.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04508.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04549.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04579.jpgFloed 16-9-2023 pdf-grafie-04674.jpg