AB-lid Yde Dijkstra ferstoarn

  • geplaatst op 28 september 2022 om 09:46

Bestjoer, direksje en meiwurkers hawwe kundskip nommen fan it ferstjerren fan Yde Dijkstra (56). Hy wie sûnt 2019 foar de FNP lid fan it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Dijkstra wie in kundich bestjoerder dy't wist wêr't er it oer hie as it gong oer foldwaande en skjin wetter. Syn ynbring sil dan ek mist wurde. Us tinzen gean út nei syn famylje en freonen.